
De beide Pabo's fan Fryslân binne dwaande mei it opsetten fan in meartalige stream op har opliedings. Oanlieding dêrfoar is it groeiende tal trijetalige basisskoallen yn Fryslân. Trijetalige basisskoallen freegje om learkrêften dy't har goed rêde kinne mei de trije talen Frysk, Nederlânsk en Ingelsk en dy talen ek op in didaktysk ferantwurde wize ynsette kinne yn it ûnderwiis.
Mei de meartalige stream wolle de beide Pabo's yn dat ferlet foarsjen. Studinten dy't kieze foar de meartalige stream krije ekstra lessen Frysk, Ingelsk en taalkunde. Sy folgje kolleezjes yn de trije talen en ferdjipje har yn de didaktyk fan meartaligens. In staazje op in trijetalige basisskoalle en nei in gebiet mei in oare minderheidstaal yn it bûtenlân hearre ek ta it programma.
Hjirby noegje de beide direksjes jimme út om der by te wêzen. Der kin kontakt opnommen wurde mei Dussy Ybema, Hennie Annema of Marijke de Jager.